Sa wurket it
Meidwaan is hiel simpel! Jou jim klup of feriening op fia dizze side en yn seis stappen wurdt alles foar jim regele.
De measte klups en ferienings kinne wol wat ekstra jild brûke. De Sutelaksje biedt jim de kâns om mei in lytse ynspanning (in pear oerkes sutelje) de klupkas te spekken.
Foar it Fryske boek en foar de dielnimmende ferieningen is it in effektive wize fan gearwurkjen. Fryske boeken wurde oan ’e man brocht en de ferieningen hâlde dêr in moaie bûssint oan oer.
“De Sutelaksje libbet yn it doarp. It is echt in sosjaal barren sa mei de hiele klup. En it is in moai ekstraatsje foar de feriening!”
Meidwaan is hiel simpel! Jou jim klup of feriening op fia dizze side en yn seis stappen wurdt alles foar jim regele.