Privacy
Stichting Afûk, fêstige oan Bûterhoeke 3, 8911 DH Ljouwert, is ferantwurdlik foar de ferwurking fan persoansgegevens lykas werjûn yn dizze privacyferklearring.
Kontaktgegevens:
Stichting Afûk
Bûterhoeke 3
8911 DH Ljouwert
058-2343070
ynfo@afuk.frl
Persoansgegevens dy’t wy ferwurkje
Wy respektearje jo privacy en soargje derfoar dat de persoanlike ynformaasje dy’t jo ús ferskaffe fertroulik behannele wurdt. It ferwurkjen fan persoansgegevens wurdt dien yn oerienstimming mei de easken dy’t de Algemiene Feroardering Gegevensbeskerming stelt. Yn dizze privacyferklearring wurdt beskreaun hoe’t Stichting Afûk mei jo persoansgegevens omgiet. Wy ferwurkje jo persoansgegevens op basis fan de neikommende grûnrjochtslaggen:
- De ferwurking is needsaaklik foar de útfiering fan in oerienkomst wêrby’t jo de oanbelangjende partij binne, of om op jo fersyk fóár it sluten fan in oerienkomst maatregels te nimmen.
- Jo hawwe tastimming jûn foar it ferwurkjen fan jo persoansgegevens foar ien of mear spesifike doelen.
Mei watfoar doel oft wy persoansgegevens ferwurkje
Wy ferwurkje jo persoansgegevens foar de neikommende doelen:
- It ôfhanneljen fan jo betelling
- It ferstjoeren fan ús nijsbrief en/of reklame
- Om jo belje of e-maile te kinnen as dat nedich is om ús tsjinstferliening útfiere te kinnen
- Om jo te ynformearjen oer wizigingen fan ús tsjinsten en produkten
- Om jo de mooglikheid te bieden in account oan te meitsjen
- Om guod en tsjinsten by jo ôf te leverjen
- Wy analysearje jo aktiviteiten op de websites en/of apps om dêrmei de websites en/of apps te ferbetterjen en it oanbod fan produkten en tsjinsten ôf te stimmen op jo preferinsjes.
Hjirûnder in oersjoch fan de persoansgegevens dy’t wy ferwurkje:
- Foar- en achternamme
- Adresgegevens
- Telefoannûmer
- E-mailadres
- IP-adres
- Gegevens oer jo aktiviteiten op ús websites en/of apps
- Gegevens oer jo surfgedrach oer ferskate websites hinne (bygelyks om’t dit bedriuw ûnderdiel is fan in advertinsjenetwurk)
- Ynternetbrowser en apparaattype
Bysûndere en/of gefoelige persoansgegevens dy’t wy ferwurkje
Us websites, apps en/of tsjinsten hawwe net de yntinsje om gegevens te sammeljen oer besikers dy’t jonger binne as 16 jier. Of it moat wêze dat sy tastimming hawwe fan âlders of fâd. Wy kinne lykwols net kontrolearje oft in besiker âlder as 16 jier is. Wy riede âlders dan ek oan om belutsen te wêzen by de online-aktiviteiten fan harren bern, om sa foar te kommen dat der gegevens oer bern sammele wurde sûnder âlderlike tastimming. As jo derfan oertsjûge binne dat wy sûnder dy tastimming persoanlike gegevens sammele hawwe oer in minderjierrige, nim dan kontakt mei ús op fia ynfo@afuk.frl, dan ferwiderje wy dy ynformaasje.
Automatisearre beslútfoarming
Wy nimme op basis fan automatisearre ferwurkingen gjin besluten oer saken dy’t (oansjenlike) gefolgen hawwe kinne foar persoanen. It giet hjir om besluten dy’t nommen wurde troch kompjûterprogramma’s of -systemen, sûnder dat dêr in mins (bygelyks in meiwurker fan Afûk) tusken sit.
Bewarterminen fan persoansgegevens
Wy bewarje jo persoansgegevens salang as nedich is om in korrekte tsjinstferliening út te fieren. Dêrneist bewarje wy jo persoansgegevens foar de termyn wêryn’t wy dat relevant achtsje yn it ramt fan ús tsjinstferliening. Boppeneamde terminen jilde foarsafier’t Stichting Afûk op grûn fan in wetlike bepaling net ferplichte is om persoansgegevens langer te bewarjen.
Gebrûk besletten part website
As jo in klant binne fan Stichting Afûk, dan kinne jo in brûkersnamme en wachtwurd krije om yn te loggen op it besletten part fan de website. As brûker binne jo sels ferantwurdlik foar it soarchfâldich omgean mei de brûkersnamme en it wachtwurd. Wy geane derfan út dat in persoan dy’t him oanmeldt mei in brûkersnamme en wachtwurd it foech hat om dy te brûken. Wannear’t jo it fermoeden hawwe dat it wachtwurd bekend is by lju sûnder dat foech, moatte jo Stichting Afûk dêr sa gau mooglik fan op ’e hichte bringe, sadat der maatregels nommen wurde kinne.
It dielen fan persoansgegevens mei tredden
Wy jouwe gjin persoansgegevens oan tredden oars as op grûn fan de wet, op jo fersyk of oan ferwurkers dy’t yn opdracht fan Stichting Afûk bepaalde wurksumheden útfiere (lykas de mailtoolprovider Mailchimp, hostingpartij en IT-behearder).
Cookies, of fergelykbere techniken, dy’t wy brûke
Wy brûke cookies dy’t sa min mooglik ynbreuk meitsje op jo privacy. In cookie is in lyts tekstbestân dat by it earste besyk oan in website opslein wurdt op jo kompjûter, tablet of smartphone. De cookies dy’t wy brûke binne needsaaklik foar de technyske wurking fan de websites en jo gebrûksgemak. Se soargje derfoar dat de websites goed wurkje en ûnthâlde bygelyks jo foarkarynstellingen.
Op de sites en/of apps wurde besykgegevens byholden. Yn dat ramt kinne benammen it IP-adres fan jo kompjûter, de tiid fan opfreegjen en gegevens dy’t de browser fan in besiker meistjoert, registrearre wurde en brûkt wurde foar statistyske analyzes fan besyk- en klikgedrach op de websites.
Dy gegevens wurde brûkt om de websites en apps te optimalisearjen. Om analyzes út te fieren meitsje wy gebrûk fan Google Analytics. Dêrby brûke wy de privacy-freonlike ynstellingen fan Google. Mear ynformaasje oer de privacygefolgen dêrfan is te finen op de site fan de Autoriteit Persoansgegevens. Lês it privacybelied fan Google foar mear ynformaasje, en ek it spesifike privacybelied fan Google Analytics.
Op de websites binne mooglik ek links opnommen nei websites fan tredden. Hoewol’t dy website(s) mei soarch selektearre binne, draacht Stichting Afûk gjin ferantwurdlikheid oangeande dy tredden en de manier wêrop’t sy mei jo (persoans)gegevens omgeane.
Jo kinne jo ôfmelde foar cookies troch jo ynternetbrowser sa yn te stellen dat dy gjin cookies mear opslacht. Dêrneist kinne jo ek alle ynformaasje dy’t earder opslein is, fia de ynstellingen fan jo browser ferwiderje.
Gegevens ynsjen, oanpasse of ferwiderje
Jo hawwe it rjocht om jo persoansgegevens yn te sjen, te korrizjearjen of te ferwiderjen. Dêrneist hawwe jo it rjocht om jo eventuele tastimming foar de gegevensferwurking yn te lûken of beswier te meitsjen tsjin it ferwurkjen fan jo persoansgegevens troch Stichting Afûk en hawwe jo it rjocht op gegevensoerdraachberheid. Dat betsjut dat jo by ús in fersyk yntsjinje kinne om de persoansgegevens dy’t wy fan jo hawwe yn in kompjûterbestân nei jo of nei in oare, troch jo neamde organisaasje te stjoeren.
Jo kinne in fersyk ta ynsjen, korreksje, ferwidering, gegevensoerdraging fan jo persoansgegevens of fersyk ta it ynlûken fan jo tastimming of beswier op de ferwurking fan jo persoansgegevens stjoere nei ynfo@afuk.frl.
Om der wis fan te wêzen dat it fersyk ta ynsjen troch jo dien is, freegje wy jo in kopy fan jo identiteitsbewiis mei it fersyk mei te stjoeren. Meitsje yn dy kopy jo pasfoto, MRZ (machine readable zone, de strook mei nûmers ûnderoan it paspoart), paspoartnûmer en Boargerservicenûmer (BSN) swart. Dat om jo privacy te beskermjen. Wy reagearje sa gau mooglik, mar uterlik binnen fjouwer wiken, op jo fersyk.
Wy wize jo der boppedat op dat jo de mooglikheid hawwe om in klacht yn te tsjinjen by de nasjonale tasichthâlder, de Autoriteit Persoansgegevens. Dat kin fia de neikommende link: https://www.autoriteitpersoonsgegevens.nl/nl/zelf-doen/gebruik-uw-privacyrechten/klacht-melden-bij-de-ap
Hoe’t wy persoansgegevens befeiligje
Wy nimme de beskerming fan jo gegevens serieus en nimme passende maatregels om misbrûk, ferlies, tagong sûnder foech, net-winske iepenbiermakking en ferbeane wiziging tsjin te gean. As jo de yndruk hawwe dat jo gegevens net goed befeilige binne of der oanwizingen binne fan misbrûk, nim dan kontakt op mei ús klanteservice of fia ynfo@afuk.frl.
Oanpassen privacy statement
Wy behâlde ús it rjocht foar om dit privacy statement oan te passen. Wy sille jo fia e-mail op ’e hichte bringe wannear’t wy dit privacy statement oanpasse en mei yngong fan hokker datum oft dy oanpassing(en) fan krêft binne. Troch gebrûk te meitsjen fan ús tsjinsten nei dy datum geane jo akkoart mei de lêste ferzje fan ús privacy statement. De hjoeddeistige Privacyferklearring is bywurke op 30 septimber 2021.